Soad folk op ynfojûn V.d. Meulen

26 apr 2005 - 14:01

Ald-foarsitter Jaap van der Meulen fan it Frysk Hynstestamboek skat de kâns dat er weromkomt yn it bestjoer heech yn. Syn ynformaasjejûn moandei yn it Abe Lenstra-stadion op it Hearrenfean luts sawat 300 minsken.

De jûn wie bedoeld om útlis te jaan oer in grut ferskaat oan beskuldigings oan it adres fan Van der Meulen, lykas belangeferstrengeling en bedrigings. De leden fan it Stamboek kieze kommende freed yn Houten in nij bestjoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)