'Lânynrjochting docht fertuten'
Lânynrjochtings hawwe in hiele grutte ynfloed op boerebedriuwen. Boeren yn gebieten dêr't koartlyn ruilverkaveling west hat, dogge it folle better as boeren dêr't soks noch gebeure moat. Dat docht bliken út in stúdzje fan de provinsje Fryslân nei de struktuer fan de lânbou.
Dy stúdzje is noch net alhiel ôf, mar deputearre Andriesen fan de provinsje Fryslân kaam dochs al mei dizze konklúzje nei bûten.
Trefwurden:
argyf