Ploeg wiis mei útkomst NUON

26 apr 2005 - 11:05

Deputearre Ploeg is tefreden mei de útkomst fan de oandielhâldersgearkomste fan enerzjybedriuw NUON. Topman Van Halderen hat besluten ôf te sjen fan syn bonus fan 97.000 euro. De provinsje Fryslân wie lykas oare oandielhâlders min te sprekken oer it toplean.

Van Halderen kaam ûnder fjoer te lizzen doe't bekend waard dat hy acht ton fertsjinne. Dat is neffens kritikasters fierstente folle foar in topman by in enerzjybedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)