Mear straffen útdield troch Halt

26 apr 2005 - 10:59

2004 hat it drokste jier yn de skiednis west foar it Fryske Halt-buro. It buro soarget foar it straffen fan jongeren tusken de 12 en 18 jier, bygelyks as sy stellen hawwe út winkels of bushokjes fernield hawwe.

It tal oanmeldingen by it Halt-buro is yn 2004 mei mar leafst 25 persint tanommen. Dat komt ek om't de plysje mear saken trochferwiist. Opfallend is fierder dat der hieltyd mear bern ûnder de tolve jier oanmeld wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)