Paas folget Terpstra op

26 apr 2005 - 10:31

Wethâlder René Paas fan Grins folget âld-Wytmarsummer Doekle Terpstra op as foarsitter fan it CNV. Paas is in 38-jierrige CDA'er. Hy is al njoggen jier wethâlder yn Grins foar miljeu, folkssûnens en sport. Dêrfoar wie er seis jier riedslid.

Paas sollisitearre oardel jier lyn nei de boargemasterspost fan Ljouwert, mar einige doe as twadde, nei Geert Dales. Terpstra giet nei de HBO-raad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)