Noarmen havenwetter fersoepele

© Omrop Fryslân
Seis havens yn it Waadgebiet hoege net oan de strange noarmen foar wetterkwaliteit te foldwaan. It kabinet wol de Waadsee yn it ramt fan de Europeeske Kaderrjochtline Wetter de status 'natuerlik' jaan. Dêr hingje strange noarmen foar de wetterkwaliteit mei gear.
Dy noarmen binne no foar seis havens fersoepele, wêrûnder Harns, Lauwerseach en West-Skylge. Net dúdlik is oft it ek foar de fargeulen jildt.