Hôf: 3 en 4,5 jier sel Steggerda

25 apr 2005 - 18:16

Twa fan de trije fertochten yn de gizelingssaak yn Steggerda binne yn heger berop feroardield ta selstraffen fan 3 en 4,5 jier. By in tredde fertochte is noch in nij psychologysk ûndersyk nedich, sa fynt it Hôf.

Earder waarden de fertochten foar de rjochtbank feroardield foar selstraffen fan 2 oant 4,5 jier. Twa oare manlju út Grins waarden earder frijsprutsen. De gizeling spile twa jier lyn. In bankmeiwurker waard doe bedrige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)