Betiisde man swaait mei mes

25 apr 2005 - 11:14
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneon in 48-jierrige betiisde Ljouwerter oanhâlden op It Vliet. De man rûn mei in grut bôlemes op strjitte. Dat is yn beslach nommen.

De man soe op it Cambuurplein mei it mes swaaid hawwe. Letter soe er immen bedrige hawwe op de De Ruyterweg. De man is foar medyske soarch oerdroegen oan sûnenstsjinst GGZ.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)