Auto oer de kop by de A7

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige man út Deventer is sneontejûn mei de auto oer de kop slein op de A7 by It Hearrenfean. De man skrok fan in pear eintsjes dy't de dyk oerstutsen.
De man besocht út te wiken, mar hy ferlear de macht oer it stjoer en kaam yn de sleat telâne. De bestjoerder en de ynsittende binne oerbrocht nei it sikehûs. Nei behanneling koene se wer nei hûs.