Premjêre Fryske horrorfilm

24 apr 2005 - 13:38

Mei in lytse digitale kamera, in pear freonen en aardich wat nepbloed hat in stel freonen in horrorfilm makke. De film hat de titel 'Maniacs Revolt' en giet oer in searjemoardner dy't oaren oanstekt mei syn moardsucht.

De freoneklub hat fjouwer jier dwaande west mei de film. Se binne horrorfanaten en dêr woene se graach mear mei dwaan. Sneontejûn is de premjêre fan de film yn kafee Merlins yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)