Frou ferdronken op 'e Lemmer

24 apr 2005 - 13:10

In 42-jierrige frou út it Dútse Osnabrück is yn de nacht fan freed op sneon yn it wetter fallen en ferdronken. De frou wie op in sylboat, dy't oan de Kortestreek yn Lemmer lei.

Har man hearde de frou yn it wetter fallen en besocht noch om har mei de help fan foarbygongers út it wetter te heljen. Doe't dat slagge wie se al út'e tiid. De frou is noch wol nei it sikehûs fan Snits brocht, mar dêr ferstoar se letter yn de nacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)