Heale finale NK skaken

© Omrop Fryslân
Dit wykein wurdt yn Ljouwert de tredde ronde fan de heale finale fan it NK skaken hâlden. De Fryske skaker Jan Werle hat sneon mei 0-1 wûn fan Erik van den Doel. Van den Doel wie favoryt tsjin Werle, mar hie mei wyt nei de iepening yn de earste partij net folle berikt.
Dat jilde ek foar Ruud Janssen tsjin Van der Wiel. Dy wedstriid einige yn remize. Snein wurdt ek noch in partij yn dizze ronde spile.