NK ballonfarren

23 apr 2005 - 16:02

De Fryske ballonfarders dogge it goed by it 27e Nederlânsk Kampioenskip Ballonfarren, dat dit wykein foar it earst yn Fryslân hâlden wurdt. Der dogge 18 Nederlânske en bûtenlânske piloaten oan mei.

De Friezen besette op it stuit it tredde, fjirde, fyfde en sechde plak. De organisaasjes is yn hannen fan Ron Kleinsmid fan Aldehaske. De wedstriid is tongersdei al begûn en as it waar meisit wurde der noch twa tochten makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)