Jongerensintrum Lemmer ûnfeilich

23 apr 2005 - 15:11
Foto: Omrop Fryslân

It jongerensintrum fan de Lemmer is ûnfeilich. De betriedding is net goed en in needdoar kin net iepen. De gemeente Lemsterlân is skrokken fan de situaasje. It sintrum is dit wykein en it kommende wykein ticht.

De gemeente is fierder fan doel om wat te dwaan oan de oerlêst fan jongeren om it sintrum hinne. Omwenners ha geregeld klachten. Sy sizze dat de jongeren tefolle leven meitsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)