Skriuwers stypje needopfang

23 apr 2005 - 15:11

De skriuwers Jan Wolkers en Geert Mak stypje de aksje om de asylsikersopfang yn Wytmarsum iepen te hâlden. De organisaasjes Tûmba en Flechtlingen Wolkom sykje minsken dy't twa jier lang alle moannen 25 euro jaan wolle foar de opfang. Dêr hawwe yntusken al in soad minsken op reageard.

Yn it sintrum yn Wytmarsum wurde in lytse hûndert minsken opfongen dy't útprosedeard binne en oars op strjitte komme te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)