Hearrenfean hellet út : 7-1

© Omrop Fryslân
In dûbele "hattrick" brocht Hearrenfean justerjûn de grutste winst winst fan it seizoen. Mei 7-1 waard RBC Roosendaal fan de matte spile troch de Feansters. De doelpunten kamen fan Huntelaar, Samaras en Nilsson.
Yn in útferkocht Abe Lenstra Stadion wie it Klaas Jan Huntelaar dy't yn de earste helte in suvere hattrick makke. Hy brocht dêrmei syn totaal op 15. De oare hattrick waard makke troch Samaras. Dat wie lykwols gjin suvere.