"Nije gemalen nedich by Waad"

© Omrop Fryslân
Der moatte fjouwer of fiif nije gemalen komme oan de Waadkust fan Fryslân en Grinslân. Dat stiet yn in nij plan foar de wetterhúshâlding yn it noarden, dat acht natuerorganisaasjes presinteard ha.
De wetterskippen en de provinsje hawwe leaver ien nij grut gemaal by Lauwerseach. De natuerorganisaasjes kieze foar meardere lytsere gemalen, omdat dat feiliger wêze soe. It soe ek better foar de natuer wêze.