Henk de Jong nei Grins

© Omrop Fryslân
Henk De jong wurdt assistint trener by FC Grins. De trener fan haadklasser Snits hat in twa jierrich kontrakt tekene by de Grinzer earedivizionist dêr't hy by haadtrener Ron Jans oan de slach sil. Ek wurdt de Jong ferantwurdlik foar de beloften. Henk de Jong wie al earder wurksum by betelle fuotbalklubs. Sa wurke hy tegearre mei Frits Korbach by Heracles Almelo, mar ek by Hearrenfean wie er twa seizoenen assistint.