Nasjonale titel Dekker

23 apr 2005 - 12:24

Inge Dekker (20) hat tongersdei op de iepeningsdei fan de NK swimmen yn Amsterdam har earste nasjonale titel op de 100 meter flinterslach pakt. De swimster, earder fan it Hearrenfean en no wenjend yn Spijkenisse, tikte oan yn in tiid fan 0.58'87". Dekker wie dêrmei hast in sekonde sneller as de nûmer twa Marleen Veldhuis.

Inge Dekker hie har foar dizze ôfstân al pleatst foar de WK yn july yn Montreal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)