Stakingsdriging Imperial Tobacco

23 apr 2005 - 12:24

Der driigje stakings by tabaksfabryk Imperial Tobacco op de Jouwer. It oerlis tusken fakbûnen en direksje oer de reorganisaasje by it bedriuw is freed fêstrûn. De direksje wol 60 minsken dien jaan, omdat de produksje weromrint.

De fakbûnen wolle safolle mooglik twongen ûntslaggen foarkomme, troch in goeie ôffloeiingsregeling foar âldere wurknimmers. De direksje wol safier net gean. Der wurdt no oerlein oer aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)