Untslaggen driigje by Keunstwurk

22 apr 2005 - 17:07

De stifting Keunstwurk yn Ljouwert moat minsken ûntslaan as de besunigings fan de provinsje trochgean. De stifting krijt no noch 1,6 miljoen euro. Dêr soe 335.000 euro op besunige wurde moatte. De besunigingsplannen falle Keunstwurk rau op it dak. Yn de provinsjale kultuernota fan ferline jier stie dat de subsydzje gelyk bliuwe soe.

Ek oare ynstellings moatte it takom jier suniger oan dwaan. De Fryske musea krije bygelyks in heal miljoen minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)