Kosten ID-kaart fergoede

22 apr 2005 - 15:12

Ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen kinne de kosten foar de ID-kaart foar thúswenjende bern fergoede krije. De regeling jildt foar minsken mei in minimum-ynkommen mei bern tusken 14 en 18 jier.

Sûnt 1 jannewaris moat elk fan 14 jier ôf him of har identifiseare kinne. Achtkarspelen wol de kosten mei help fan de bysûndere bystân fergoedzje. Minsken dy't al in kaart ha, komme ek noch yn oanmerking foar de fergoeding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)