Ferrassende winst foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur wûn freedtejûn ferrassend fan Heracles. Yn Almelo wûnen de Ljouwerters mei 2-1. It earste doelpunt waard makke út in penalty troch Coen Brack. De winnende kaam fan de holle fan Jan Bruin.
Heracles is ien fan de twa titelkandidaten en wie dêrom ek favoryt foar de oerwinning. Sparta hat no de lieding oernaam fan Heracles yn de Gouden Gids Divyzje.