Bedriger nei Pieter Baan Centrum

© Omrop Fryslân
De 49-jierrige man dy't it Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar fan Oranjewâld mei de dea bedrige hat, moat nei it Pieter Baan Centrum. Dêr sil er psychologysk ûndersocht wurde. De rjochter yn Ljouwert hat dat bepaald.
De man soe Tichelaar en syn frou stalkt en bedrige hawwe. Hy woe dat Tichelaar mei minister Donner fan justysje regelje soe dat eardere strafsaken tsjin him opnij behannele wurde soene. Hy hat de wet 444 kear oertreden.