Frisia mei útwike nei oar gebiet

21 apr 2005 - 08:15

It sâltfabryk Frisia yn Harns mei yn gefal fan need 100.000 ton sâlt winne yn it konsesjegebiet Barradiel I. Dat betsjut dat as de put yn konsesjegebiet Barradiel II net goed wurket, it bedriuw útwike kin nei Barradiel I.

Hjirtroch komt de produksje net stil te lizzen. Frisia hat woansdei tastimming krigen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. It bedriuw hie om in konsesje fan 200.000 ton frege. De helte is no dus honorearre troch it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)