Nije trainer Cambuur opereard

21 apr 2005 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De takomstich trainer fan Cambuur, Roy Wesseling, is mei sukses opereard oan in hernia. Wesseling, dy't it kommende seizoen trainer wurdt fan de Ljouwerter klub, is yn München opereard.

Hy hopet der by de lêste wedstryd fan syn hjoeddeistige klub Haarlem wer by te wêzen. Dat is op 19 maaie. Haarlem spilet dan tsjin....Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)