Twa jier sel foar misbrûk
In 51-jierrige man út Menaam is woansdei ta twa jier sel feroardiele. Hy hat syn frou jierrenlang seksueel misbrûkt. De frou is slachtoffer wurden fan in sado-masogistysk spul. Se moast seksuele hannelings ûndergean tsjin har wil.
De fertochte stelde regels op dy't de frou opfolgje moast, oars waard se mishannele. De frou is der neffens de rjochter geastlik min oan ta troch it jierrenlange misbrûk.
Trefwurden:
argyf