Kitesurfe by Koarnwertersân

© Omrop Fryslân
By Koarnwertersân wurdt tongersdei in kitesurfstrân yn gebrûk nommen. Wethâlder Helder fan Wûnseradiel en deputearre Andriesen iepenje it strân.
Kitesurfen leit de lêste tiid bot ûnder fjoer. Sa patrûllearre It Fryske Gea ferline jier yn de Bocht fan Molkwar en by Warkum. It planksilen mei in draak soe briedende en fûrazjearjende fûgels ôfskrikke. Njonken yn Wûnseradiel is kitesurfen ek yn de gemeenten Nijefurd en Lemsterlân tastien.