Empatec nimt Oreel PME oer

20 apr 2005 - 06:54

De aktiviteiten fan it bedriuw Oreel PME yn Ljouwert wurde oernaam troch de sosjale wurkfoarsjenning Empatec yn Snits en it management fan Oreel. Der sil in nije BV oprjochte wurde wêryn't de aktiviteiten fan Oreel PME ûnderbrocht wurde sille.

Doel is dat Empatec de produksje fan it bedriuw yn Snits dwaan sil. Fan de fyftich wurknimmers fan Oreel PME gean úteinlik seis mei nei de nije BV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)