Ultimatum foar bou-CAO

© Omrop Fryslân
Wurkjouwers yn 'e bou ha oant 29 april om mei in goede CAO te kommen. Bart dat net, dan is de kâns grut dat der fan 2 maaie ôf aksjes komme. Dat hawwe de fakbûnen tiisdei bekend makke.
Yn it Thialf-stadion op It Hearrenfean wurdt troch de bûnen de kommende dagen in aksjesintrum ynrjochte. Ek sille de bûnen by bouplakken del om safolle mooglik boufakkers ree te finen om aksje te fieren. Der is al mear as in jier gjin CAO foar de bousektor.