'Reek REC yngreven ûndersykje'

15 mrt 2012 - 14:59

Der moat ûndersyk dien wurde nei wat út de skoarstien fan de ôffalsoven yn Harns komt. Dat seit Frisse Wind, de grutste politike partij yn de stêd in dei neidat de miljeufergunning definityf goedkard is troch de Rie fan Steat.

Frisse Wind stapte de Harnzer polityk yn mei as doel de REC-oven te kearen. Dat is net slagge. De partij wol dat de provinsje sa goed mooglik kontrolearret. Al leit der no in goedkarde miljeufergunning, Frisse Wind is der net gerêst op. Der moatte dan ek geregeld mjittings dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)