Buro set him yn foar Antillianen

© Omrop Fryslân
In spesjaal Antilliaans buro moat soargje foar in better imago fan de Antillianen yn de Vrijheidswijk yn Ljouwert. De Antilliaanse mienskip hat al jierren te krijen mei in minne namme en dêr moat in ein oan komme, fine de oprjochters fan it buro Anti+.
De Antilliaanse mienskip yn Ljouwert komt foaral yn it nijs troch krimineel gedrach fan jongerein. Anti+ wol de jongerein op it goeie paad hâlde troch aktiviteiten foar har te organisearjen.