Bobsliders traine yn Harderwyk

© Omrop Fryslân
It team fan bobslider Arend Glas fan de Jouwer hat juster in nije oefenstartbaan yn Harderwyk yn gebrûk nommen. De baan is in inisjatyf fan it Infra Opliedingssintrum SBW yn Harderwyk. Dat is it nasjonale opliedingsorgaan foar de ynfrastruktuer.
De foar de Winterspelen kwalifisearde bobslideteams kinne troch de komst fan de baan yn eigen lân traine. De baan sil ek brûkt wurde foar kursussen.