CIOS: De Heide brûke foar sport

© Omrop Fryslân
Sportopliedingssintrum CIOS op it Hearrenfean wol it rekreaasjegebiet De Heide brûke foar sportaktiviteiten. It idee komt fan de gemeente en beide partijen sille mooglik gearwurkje om it sportprojekt fan de grûn te krijen. Se wolle dêrmei foarkomme dat it gebiet fertuteazet.
De gemeente is benaud dat De Heide foaral brûkt wurdt troch hingjongeren. It CIOS kin it gebiet brûke om it tekoart oan praktykromte op te fangen.