Jonkje (5) fan karre ôffallen

18 apr 2005 - 08:31

In 5-jierrich jonkje is sneon oan de Easterveldestrjitte yn Grou ferwûne rekke by in ûngelok. It jonkje is nei alle gedachten fan in ridende karre ôffallen. Op it stuit fan it ûngelok ried in 34-jierrige Grouster mei de karre troch de strjitte.

De karre siet fol mei sân en it jonkje woe it sân pakke. Om't de auto stadich ried, koe it jonkje derop springe. Dêrnei is er fallen. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)