Speedboat útbaarnd yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In speedboat fan in 19-jierrige Ljouwerter is sneontejûn folslein útbaarnd. De jonge hie de boat krekt foltankt oan de Boeierstrjitte doe't de motor samar yn de brân fleach.
De Ljouwerter rekke ferwûne oan it each. Hy hat him dêrfoar behannelje litten yn it sikehûs. Neffens de brânwacht hat de brân op de boat gjin gefolgen hân foar it miljeu.