Leden muzykklub Skier huldige

18 apr 2005 - 05:52
Foto: Omrop Fryslân

Twa leden fan muzykferiening I.N. fan Skiermûntseach binne sneontejûn by in konsert yn it sintsje set. De beide leden, Arie Holwerda en Jackel Visser, binne al 40 jier lid fan de muzykferiening.

Beide krigen fan boargemaster Swart fan Skiermûntseach in oarkonde en in gouden spjelde. In oar lid, dat al 70 jier lid is, koe troch famylje-omstannichheden net huldige wurde. I.N. joech sneon in konsert op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)