Gearwurking dokters op eilannen

© Omrop Fryslân
De húsdokters op de Waadeilannen sille gearwurkje. Dit wykein is in saneamde Hagro, in húsartsegroep, oprjochte. Mei de gearwurking wolle de húsdokters problemen oplosse dy't typearjend binne foar de eilannen.
Dêrby falt te tinken oan it drege sikeferfier op it Waad en de drokte yn it heechseizoen. Op Skylge bygelyks binne der yn de simmer hast 30.000 toeristen. Dêr binne no fjouwer dokters. Mooglik komt dêr noch ien by.