Aris wint fan Weert

© Omrop Fryslân
De basketballers fan it Ljouwerter Aris ha sneontejûn mei 78-82 wûn yn en fan Weert. Aris stiet no op in sande plak yn de earedivyzje mei 13 wedstriden wûn en 15 ferlern. MPC Capitals stiet boppe-oan mei 22 wedstriden wûn en seis ferlern.
Aris docht mei oan de play-offs, dy't takom wykein begjinne. De Ljouwerters komme dan út tsjin EiffelTowers út Nijmegen.