VOC-skip yn Oasingahuzen

17 apr 2005 - 16:14

Yn Oasingahuzen wurdt in frachtskip omboud ta VOC-skip. De boat moat takom simmer mei gasten op 'e Iselmar farre. It charterskip De Soeverein hat in boechbyld, kanonnen en trije mêsten fan mar leafst 32 meter heech. De ombou fan frachtskip nei 17-ieusk VOC-skip kostet hast in miljoen euro.

De boat ferhuzet dit wykein nei Lelystêd, dêr't it ynterieur ôftimmere wurdt. In dei it skip hiere kostet 2000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)