Nije direkteur Friesland Foods

17 apr 2005 - 13:47

André Boudewijns wurdt de nije finansjele direkteur fan suvelfabryk Friesland Foods. Boudewijns hie earder deselde funskje by snobbersguodfabryk Perfetti Van Melle yn Breda.

De 49-jierrige Boudewijns begjint op 1 maaie yn syn nije funksje. Hy folget Doede Vierstra op, dy't earder dit jier oerstapte nei it bedriuw Wessanen. Mei de komst fan Boudewijns is de fjouwermansdireksjes fan Friesland Foods wer kompleet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)