Herinneringsmok foar bern Harns

© Omrop Fryslân
Alle bern fan de legere skoallen yn Harns krije fan de gemeente en it Centraal Comité 1945 in herinneringsmok. Dêrop stiet in foto fan de besite fan keninginne Beatrix oan Harns - yn 1982 - en in foto fan in Kanadeeske befrijer yn 1945 foar it stedhûs fan Harns.
De mok wurdt útjûn ta oantinken fan it 25-jierrich jubileum fan keninginne Beatrix as steatshaad. De beker is ek bedoeld as herinnering oan de befrijing.