Wurk oan 'e dyk yn Frjentsjer

16 apr 2005 - 16:00

Ferkear yn it sintrum fan Frjentsjer moat fan kommende moandei ôf rekken hâlde mei omliedings. Yn ramt fan de opknapbeurt fan it sintrum 'Strieljend Frjentsjer' wurdt op ferskate plakken yn it sintrum wurke.

Dêrtroch leit ûnder oare de krusing Raadhuisplein/Eise Eisingastraat derút. Doel is dat al it wurk oan it sintrum fan Frjentsjer yn juny klear is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)