Flylân: Galama as boargemaster

© Omrop Fryslân
Baukje Galama (VVD) fan Noardwâld is foardroegen as nije boargemaster fan Flylân. Galama wie fan 1994 oant 1998 wethâlder Romtlike Oardening yn Weststellingwerf. Se sit yn Provinsjale Steaten en is fierders vize-foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan de Korporaasjeholding Fryslân.
Baukje Galama is 48 jier. Se bliuwt steatelid ek as se boargemaster is. De minister moat noch beslute oer de foardracht, mar dat is in formaliteit.