Ljouwert hat nocht fan oerlêst

© Omrop Fryslân
Ljouwerter buerten ha skjin har nocht fan dakleaze ferslaafden. Ut de hiele provinsje, mar ek fan derbûten, komme swalkers nei de haadstêd ta. Mei as gefolch tanimmende oerlêst foar wiken.
De Ljouwerter polityk is benaud dat it ferbetterjen fan de opfangmooglikheden noch mear swalkers oanlûkt. Guon partijen binne dêrom tsjin bettere foarsjennings. Yntusken besykje omwenjenden mar te wennen oan ynbraken, oerfallen, bedrigings en in lûdsoerlest.