Cios wurdt folleybalstipepunt

© Omrop Fryslân
It Cios op It Hearrenfean krijt in stipepunt topfolleybal Noard-Nederlân. Dat is bekendmakke by it 30-jierrich jubileum fan de sportoplieding.
Foar it stipepunt wurket de skoalle gear mei folleybalferienings yn Snits en Sudosa yn Assen. Dêrtroch moat it algehiele spulnivo omheech gean. Studinten krije les fan de folleyballers sels. De kennis dy't se opdogge, kinne se letter wer oerbringe op in nije generaasje folleyballers.