Ferhuzing: gemeente betellet

16 apr 2005 - 13:17

De firma Hiddema út Holwert krijt goed 68.000 euro fan de gemeente Dongeradiel foar in ferhuzing. Fanwege strangere miljeu-easken mocht it lânboubedriuw net mear oan de Stasjonswei bliuwe. Hiddema sortearret ierdappels en slacht dy op en dat jout stof- en lûdsoerlêst.

It bedriuw easke jild fan de gemeente foar de ferhuzing en dat is no takend. Hiddema sit no oan de Ternaarderdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)