Poltavets nei TVM

© Omrop Fryslân
Kosta Poltavets fan It Hearrenfean wurdt de nije sprintcoach fan de reedridersploech fan TVM. Hy folget Geert Kuiper op. Poltavets hat in twajierrich kontrakt tekene by de ploech dêr't ûnder mear de sprinters Beorn Nijenhuis en Gerard van Velde ûnder kontrakt steane.
Oarspronklik soe Poltavets takom jier trainer wurde fan Rintje Ritsma en syn nije ploech. It is ûndúdlik hoe't Ritsma no fierder gean sil.