Dongeradiel knapt doarpen op

16 apr 2005 - 11:46

Acht doarpen yn de gemeente Dongeradiel wurde opknapt. Se hawwe sels plannen yntsjinne foar doarpsfernijing. De gemeente stelt mei-inoar 413.000 euro beskikber.

Nijewier krijt it measte jild: 70.000 tûzen euro. Hantum krijt 65.000 euro. Wierum, Boarnwert/Raard, Eastmahorn en Ealsum moatte de rest ferdiele. De plannen foar Wierum binne keppele oan dy foar Peazens/Moddergat en Nes. Der sille ferskate diken opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)