'Aparte regels plattelân nedich'

© Omrop Fryslân
De regels foar wentebou en it gebrûk fan mienskiplike romten moatte oars. Dat is de wichtichste konklúzje yn it rapport 'Vertrouwen in de buurt' fan de Wetenschappelijke Raad voor het Regeringbeleid.
Dy seit dat der aparte regels komme moatte foar it plattelân. No binne dy itselde as yn de stêd. Ald-minister Winsemius, opsteller fan it rapport, neamt de regels in beheining foar selsstannige projekten yn doarpen.